Side fan de wike
It Field Museum, folút: Field Museum foar Natoerhistoarje (Ingelsk: Field Museum of Natural History), soms ôfkoarte ta FMNH, is in tige foaroansteand museum yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat yn 1893 oprjochte waard. It leit him ta op natoerhistoaryske ûnderwerpen en hat op dat mêd ien fan 'e grutste kolleksjes fan 'e wrâld. Dêrnjonken hat it museum alteast in diel fan syn status te tankjen oan 'e omfang en kwaliteit fan syn edukative en wittenskiplike programma's. De rûnom as treflik beoardiele fêste tentoanstellings yn it Field Museum rinne útinoar fan meteoriten en de ierst bekende fossilen oant de hjoeddeistige kultueren fan 'e wrâld en alles dat dêr tuskenyn sit. De hiele kolleksje fan it museum beslacht mear as 24 miljoen foarwerpen, mei dêropta in bibleteek mei mear as 275.000 boeken, deiboeken (û.m. fan ûntdekkingsreizgers) en foto-argiven. It Field Museum ferwolkommet jiers mear as 2 miljoen besikers.
- Lês fierder
|
|
Wisten jo dat...
- ... de Skierstins yn Feanwâlden de lêste oerbleaune stins yn Fryslân is dy't net ôfbrutsen is? De stins komt út de 14e iuw en is it ienige oerbleaune stienhûs.
- ... in tongbrekkerssechje in wurd of in sin is, dêr't de útspraak problemen fan jaan kin?
- ... Hunebêden foarkomme yn hiel noardwest-Jeropa en dat fan de 54 hunebêden yn Nederlân der 52 in de provinsje Drinte steane? Der binne guons mei ynskripsjes en fersiersels yn de stien beitele.
- ... fan al it wetter op de wrâld mar 3% swietwetter is en dat dêrfan mar 30,6% floeiber is?
|
|
|
|
|
|
Temasiden
Ynfo
- Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
- Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
- Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
|
Plaatsje fan de wike
Projekten
|
|