Side fan de wike
Robert Louis Stevenson (berne as: Robert Lewis Balfour Stevenson; Edinburgh, 13 novimber 1850 – Vailima (Samoä), 3 desimber 1894) wie in Skotsk skriuwer fan romans, koarte ferhalen, gedichten, essays, toanielstikken en reisferhalen. Syn bekendste wurken binne de aventoereromans Treasure Island en Kidnapped, en de novelle Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde, in ier foarbyld fan it fantasysjenre en/of fan horror.
Stevenson hie it oan 'e luchtwegen, in krupsje dy't him frijwol syn hiele libben parten spile. Nettsjinsteande dat skreau er oan ien stik wei en reizge er ek in hiel protte yn in tiid dat soks djoer en gefaarlik wie. Syn frou Fanny Van de Grift Osbourne stipe him o sa yn syn aventoerlik, mar ek dreech en nuodlik libben. Yn 1890 sette Stevenson him nei wenjen yn Samoä, yn 'e Stille Súdsee, dêr't er syn lêste jierren trochbrocht. Hy wie ûntsteld troch de oanboazjende Jeropeeske en Amerikaanske ynfloed op 'e Polynezyske kultuer, en fan gefolgen ferskode syn wurk doe fan 'e Romantyk en aventoerefiksje nei in somberder reälisme. Hy ferstoar yn de âldens fan 44 jier oan in oerhaal yn syn wenplak Vailima.
Stevenson wie tige populêr yn syn tiid. Sûnt syn ferstjerren is it mei syn reputaasje as skriuwer op en del gien, mar tsjintwurdich wurdt er wer tige wurdearre. Yn 2018 wied er de op 25 nei meast oersette skriuwer yn 'e wrâld, folgjend op Charles Dickens, dy't it 25e plak ynnaam. Hy waard bewûndere troch tal fan oare auteurs, lykas J.M. Barrie, Bertolt Brecht, Jorge Luis Borges, sir Arthur Conan Doyle, Ernest Hemingway, Rudyard Kipling, Vladimir Nabokov en Marcel Proust.
- Lês fierder
|
|
Wisten jo dat...
- ... Knivskjellodden it meast noardlike plakje fan Jeropa is en net de Noardkaap?
- ... Audulf in Fryske kening wie, dy't om it jier 600 hinne nei alle gedachten in oerwinning behelle op it Frankyske buorfolk fan de Friezen?
- ... der yn de Waadsee in fulkaan leit? De Súdwâlfulkaan leit op twa kilometer ûnder it ierdoerflak.
- ... al mear as 243.376.000 minsken de Eiffeltoer besocht hawwe?
|
|
|
|
|
|
Temasiden
Ynfo
- Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
- Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
- Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
|
Plaatsje fan de wike
De wimpelsturtkolibry (Trochilus polytmus) op 'e wjuk.
Projekten
|
|