Fryske apps, in online Frysk wurdboek, Wordle yn it Frysk en Frysk foar Microsoft Office!

Fergeze taalhelpmiddels en populêre wurdspultsjes foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe en leare wol.

Fryske wurdboek-apps, Wordle yn it Frysk, in Fryske Wordfeud, download de Fryske staveringshifker foar Microsoft Office, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, in oersethelp en noch folle mear!

Folwoeksenen

Wurdl.nl, Wurdian, Frysker.nl, Office yn it Frysk

Alle Fryske taalhelp-apps en spultsjes op in rige! Fan populêre taalgames lykas in Fryske Wordle oant de Fryske staveringshifker foar Office

Hoe wurket Frysker.nl? Spilest Wordl of Wordfeud leaver yn it Frysk? Of sikest de Fryske staveringshifker foar Microsoft Office? Download Wurdian, spylje Wurdl of download de Fryske taal foar Word, Outlook, Powerpoint én Excel!

Gboard, SwiftKey, Praat mar Frysk-app, Oersetter-app & Google Translate

Wolsto flaterfrij Frysk op dyn mobyl? Alle Fryske oerset-apps en apps foar autokorreksje foar it Frysk foar op dyn tillefoan

Swiftkey en Gboard kinst brûke yn bygelyks Whatsapp en de apps leare ek fan dyn taalgebrûk. Mei de nije Praat mar Frysk-app en de nije Oersetter-app hast altyd in wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlânsk-Frysk by dy!

Alders & Bern

Tomke, Lytskes, Omrop Fryslân Tsjil, It grutte foarlêsboek & mear

Apps foar 2-6 jier Boartsjend Frysk leare mei apps en games

Fryske apps mei ferhalen, gedichten en spultsjes foar bern fan 2-6 jier. Boartsjend Fryske wurden leare en op in feilige en tagonklike wize mei de Fryske taal boartsje. Op de kompjûter, tablet of mobyl.

Omrop Fryslân Tsjil, Word Tango & mear

Spultsjes foar 6-12 jier Frysk leare mei taal-apps en games

Spultsjes-foar-6-12-jier

Fryske taal-apps en games foar bern fan 6-12 jier. Boartsjend wurden leare op in útdaagjende en tagonklike wize. Op de kompjûter, tablet of mobyl.

Hawwe jo in taalfraach of wolle jo wat neisjen of oersette litte en komme jo der net út mei de apps en taalhelpmiddels op dizze webside? Dan kinne jo fansels by de Afûk terjochte! It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it letterlik oersetten fan in pear wurdsjes is fergees. Dat jildt ek foar it neisjen fan bertekaartsjes en -advertinsjes, roubrieven en -advertinsjes en troukaarten.

Foar it neisjen of oersetten fan gruttere stikken tekst freget de Afûk in fergoeding. Foar ynformaasje oer tariven en betingsten kinne jo kontakt mei de Afûk opnimme fia: 058-2343070 of ynfo@afuk.nl.