In donaasje is meastentiids in lyts bedrach. In jefte is in grut bedrach yn ien kear. Jo kinne fansels beide meinimme yn de belestingoanjefte. Oft jo der wat oan hawwe, hinget fan jo persoanlike situaasje ôf.
- Alle inisjativen moatte direkt of yndirekt te krijen hawwe mei it fuortsterkjen fan de eigen Fryske taal -
Tink oan learmiddels foar it Frysk, behâld fan Frysk ûnderwiis, ûndersyk nei taal, behâld selsstannigens Fryske media, publyks- en literêre útjeften.
It fuortsterkjen fan de Fryske taal. It foarkommen fan taaldiskriminaasje. It tsjin gean bedrigingen foar it Frysk. It oantrunen om it Frysk te brûken.
Te tinken falt oan oersettingen, spesjale útfieringen, nije projekten lykas iepenloftspullen, stipe foar berne- en jongerein plannen by ferieningen.
It yn stân hâlden fan Fryske kulturele foarsjenningen foar amateurs en profesjonals. Eveneminten, tentoanstellingen, nije teäter- en dûnsproduksjes.
Sichtberens fan it Frysk by typyske Fryske sporten of yn ús ferneamde Fryske lânskip mei marren, greiden, it waad en de wâlden.
Sichtberens fan it Frysk by wat jo om jo hinne sjogge en typysk Frysk fine. De hardware. Of de Fryske tradysjes yn en fan ús mienskip. De software.
In donaasje is meastentiids in lyts bedrach. In jefte is in grut bedrach yn ien kear. Jo kinne fansels beide meinimme yn de belestingoanjefte. Oft jo der wat oan hawwe, hinget fan jo persoanlike situaasje ôf.
By in periodike skinking kinne jo it hiele bedrach meinimme yn de belestingoanslach. By in jefte rekkenet de belestingtsjinst altyd mei in drompel. Dêrûnder is der hoe dan ek gjin ôftrek. By in skinking rekkenet de belestingtsjinst net mei in drompel. Periodyk wol sizze: jo moatte it Fryslân Fûns wol in tasizzing dwaan foar fiif jier. Oars jildt it net. Wy stjoere in formulier.
Jawis, it bestjoer sil in oanfraach foar in inisjatyf yn ien fan de Fryske streektalen ek yn oerwaging nimme.
Eins neat. Foar in legaat (of in testamint) sille jo kontakt opnimme moatte mei in notaris. Wy kinne jo fansels wol mear ynformaasje stjoere oer it Fryslân Fûns.
Dat slagget no noch net. Mar as jo regelmjittich in bedrach oermeitsje wolle, is it wol sa maklik dat it Fryslân Fûns jo dat fia in e-mail te binnen bringt.
Jo kinne fuortendaliks jild oermeitsje. Sjoch de iDEAL-knop hjirûnder. Foar de oare foarmen fan stipe jaan moatte jo it betreffende formulier ynfolje.
Yn Spannum waard de poëzy-wike oangrepen om omtinken te jaan oan ien fan de foarneamste âld-ynwenners fan it doarp, de dichter Waling Dykstra. Op basisskoalle 'De Tarissing' waard oandacht jûn oan it liet Simmermoarn fan Dykstra.
De bern krigen de gelegenheid harren eigen 'Wintermoarn' te skriuwen. Hichtepunt wie it oanbieden fan dy gedichten oan it breidspear dat by dizze gelegenheid op besite kaam. Op de foto lêst ien fan de bern syn gedicht foar oan it breidspear.
It wie in drokke wike foar de bern wêryn't se in protte leard hawwe oer Fryske poëzy en Waling Dykstra. Dat wie ek krekt hoe't Waling Dykstra it graach seach. It projekt hat in protte oandacht yn de parse hân. Dêrmei is Dykstra wer ris yn it sintsje set en kaam der wer oandacht foar syn goede wurk foar it Frysk.
Dúdlik in projekt dat goed oanslút by de doelstellingen fan it Fryslân Fûns.