Side fan de wike
Sâlt, ek bekend as kokensâlt of fiedingssâlt, is in mineraal mei in sâlte smaak, dy't as smaakstof brûkt wurdt by it itensieden. It wurdt ek brûkt foar de preservearring fan iten foar langere tiid. It is goed oplosber yn wetter; in mingsel fan wetter en dêryn oplost sâlt hjit pikel of brein. Sâlt komt natuerlik foar yn 'e foarm fan ûndergrûnske ôfsettings halyt, dat ek stiensâlt neamd wurdt. Dêrnjonken komt it ek yn ûnbidige hoemannichten foar yn seewetter, wêrfan't it it wichtichste minerale ûnderdiel is. De iepen oseaan hat likernôch 35 gram sâlt op eltse liter wetter, wat delkomt op in sâltgehalte fan 3,5%. Yn drûge foarm is sâlt by keamertemperatuer in wite kristalline stof mei in kubyske kristalfoarm. As mineraal is it fan essinsjeel belang foar al it libben op 'e Ierde, mei't gjin organisme sûnder sâlt kin. De skiekundige namme foar 'gewoan' sâlt is natriumgloride (NaCl). Dat is ien fan in hiele groep stoffen dy't sâlten neamd wurde.
- Lês fierder
|
|
Wisten jo dat...
|
|
|
|
|
|
Temasiden
Ynfo
- Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
- Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
- Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
|
Plaatsje fan de wike
In nijberne Frysk readbûnt kealtsje.
Projekten
|
|