Wjelsryp

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Wjelsryp
Flagge fan Wjelsryp Wapen fan Wjelsryp
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wjelsryp
Gemeente De Waadhoeke
Ynwennertal (2009) 495
Webstee Oer Wjelsryp
de himrik fan Wjelsryp

Wjelsryp is in doarp yn gemeente De Waadhoeke. It leit oan de Frjentsjerter Feart, likernôch 5 km. súdeastlik fan de stêd Frjentsjer, op in langhalige kwelderwâl dy't al foar Kristus bewenne wie. By terpôfgravings waarden munten, diggelguod en in gouden ring út de Romeinske tiid fûn.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Wjelsryp diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn de nij foarme gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard Littenseradiel opdield en kaam Wjelsryp yn gemeente De Waadhoeke te lizzen.

Oansjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wjelsryp

De doarpskom leit yn it noarden: de Greate Buorren mei útienrinnende bebouwing fan boarger- en arbeiderswenten út foaral de 19e iuw. De strjithoeke oan de Galemawei wurdt markearre troch in moaie, evenwichtige notabele wenning. Oan de oare kant lizze bûten de doarpskom twa kop-romppleatsen dy’t beide in wyt ferve foarein ha. Súdlik leit de frij hege, keale terp mei dêr njonken de grutte pastorije, in karakteristike notabele wenning út 1877 op in fjouwerkante plattegrûn mei útboude middenpartij.

Direkt súdwestlik fan 'e Ursulatsjerke folget de Lytse Buorren mei net allinne wenten út de 19e iuw, mar yn súdlike rjochting ek jongere huzen, sels oant folkshúsfesting fan nei de oarloch ta. De skoalle út 1921 stiet op 'e hoeke mei de Galemawei mei dêrfoaroer frijsteande gebouwen mei ûnder mear in stjelppleats en in grutte notabele wente, dy't lykas de pastorije in fjouwerkant grûnplan hat.

Noch fierder súdwestlik rint de Frjentsjerter Feart troch de doarpsbebouwing, hoewol't oan 'e súdwestkant fan dat wetter mar in bytsje huzen mear steane. It eigentlik Wjelsryp wurdt fan 'e byhearrende buorskip De Westerein ôfsnien troch de provinsjale wei N384, wêrfan't it trasee tusken Winsum en Frjentsjer yn 1977 oanlein waard en dy't pleatslik bekend stiet as de Suderpolderwei. Likernôch in heale km besuden Wjelryp leit de brêge yn de N384, dêr't de wei de Frjentsjerter Feart krúst.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Ursulatsjerke (Wjelsryp).

Yn de 11e iuw is it tsjerkje boud dat wijd waard oan de Ursula. Yn 1834 is de stompe toer ynstoarten. Yn it plak fan de toer kaam op de tsjerke in dûknekkich spitske. Wjelsryp en Baaium foarmje tegearre in tsjerklike gemeente.

Ramp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 21 novimber 1960 fûn der in slim fleantúchûngelok plak yn Wjelsryp. In strieljager stoarte del op it pleatske fan de famylje Postma. Tsjerk en Richtsje Postma en harren 4 bern Tryntsje, Aaltsje, Willem en Gerrit binne hjirby ferstoarn. Se waarden te hôf brocht op it tsjerkhof fan Wjelsryp. Ek de piloat Jacques Snijders oerlibbe it ûngelok net.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it doarp fynt men in kristlike basisskoalle, De Grûnslach, dy't besocht wurdt troch sa'n likernôch 80 bern út Wjelsryp, Baaium en Winsum. De skoalle waard yn 1872 oprjochte.
Winkels fynt men hjoeddedei (2004) net mear yn Wjelsryp. Yn 2003 hold sels de S.R.V.-man op mei suteljen. Wol binne der noch twa timmerbedriuwen, in skildersbedriuw en in smidterij/metaalferwurkingsbedriuw. In soad aktiviteiten fine plak yn it doarpshûs Yn 'e Mande. Hjir har ek de feriening foar Doarpsbelang har gearkomsten.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • SMI - gymnastyk/keatsen
  • Concordia - muzykkorps
  • koar
  • badminton

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Heechhout, De Warren, Frjentsjerterpaad, Galemawei, Grutte Buorren, Iestwei, Lytse Buorren, Nije Buorren, Noarderein, Oasterein, Pastoryleane, Stjelpdyk, Suderpolderwei, Terpwei, Tillewei, Tsjeppenbûr, Westerein.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ut 'e Buorfinne. (Yn de oktober- en desimbernûmers stiet mear oer de fleantúchramp.)
  • Wikiwurdboek-side - Wjelsryp