Side fan de wike
De Tibetaanske mastyf is in grut hûneras dat oarspronklik út Tibet komt, mar ek tige algemien is yn westlik Sina, Mongoalje en Nepal. It is in hiem- en ferdigeningshûn, dy't yn it ferline troch de nomadyske stammen yn Tibet fokt waard om harren en har skiep en oar fee te beskermjen tsjin oanfallen fan wolven, loaihoarsen, bearen en tigers. Tibetaanske 'mastyf' is eins in misse namme, om't it gjin echte mastyf is. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't Tibet besochten, seagen in grutte hûn dy't liek op de mastifen fan Jeropa, en neamden him dêrom in mastyf, hoewol't er dat net is, krekt sa't se de Tibetaanske terriër (gjin terriër) en de Tibetaanske spaniel (gjin spaniel) ek misneamden.
- Lês fierder
|
|
Wisten jo dat...
- ... dat it Wilamowytsersk, in taaltsje dat sprutsen wurdt yn it stedsje Wilamowice (Wilamowytsersk: Wymysau), yn it middensuden fan Poalen op 'e grins fan 'e provinsjes Heech-Sileezje en Lyts-Poalen ek troch it Frysk beynfloede is?
- ... dat it stribjen fan de Fryske beweging al begûn doe't Gysbert Japiks yn de 17e iuw syn gedichten skreau en dat elkenien dy't him of har ynsette of ynsetten hawwe foar it behâld en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer der ta rekkene wurde?
- ... dat de earste symfonyën fan Wolfgang Amadeus Mozart publisearre waarden yn 1764 doe't hy noch mar 8 jier âld wie?
- ... der hast 7.000 talen op de wrâld sprutsen wurde?
|
|
|
|
|
|
Temasiden
Ynfo
- Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
- Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
- Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
|
Plaatsje fan de wike
Satellytbyld fan 'e Ierde mei útsjoch op it Noardpoalgebiet.
Projekten
|
|