Haadside

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Wolkom by Wikipedy
De frije ensyklopedy dêr't eltsenien syn witten op hokfoar mêd dan ek diele kin mei oaren.
Moandei, 23 maaie 2022

48.597 siden yn it Frysk

HSUtvald.svg
Side fan de wike
Bol, Michiel de Ruyter.jpg

Michiel de Ruyter (folút: Michiel Adriaenszoon de Ruyter; Flissingen, 24 maart 1607 – yn 'e Baai fan Syrakuse by Sisylje, 29 april 1676) wie in Nederlânsk seeheld, dy't algemien sjoen wurdt as de bêste admiraal fan syn tiid. Hy wie ôfwikseljend yn 'e tsjinst fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en fan partikuliere reders, en dêropta wied er in hoart aktyf as selsstannich ûndernimmer op it mêd fan walfiskfeart en hannel. Nei't er syn wurkpaad úteinset wie as in sljochtwei seeman fan Siuwsk komôf, spile er in wichtige rol yn 'e earste trije Ingelske Oarloggen, de Sweedske Oarloch en ekspedysjes tsjin seerôverij yn 'e Middellânske See. De bynamme Bestevaêr, wat "pake" betsjut, krige er fan syn matroazen.

Yn 1665 waard De Ruyter troch tadwaan fan riedpinsjonaris Johan de Witt promovearre ta de rang fan luitenant-admiraal, en dêrmei ta kommandant fan 'e Steatske marine. Fan syn wapenfeiten binne benammen de oerwinning yn 'e Fjouwerdeiske Seeslach yn 1666, de spektakulêre Tocht nei Chatham yn 1667 en de oerwinning yn 'e Slach by Kijkduin yn 1673 yn it ûnthâld bleaun. Nei de moard op de bruorren De Witt, yn 1672, kaam De Ruyter ûnder de nije steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau te tsjinjen. Dyselde stjoerde him mei in swak eskader út nei it Middellânske-Seegebiet, dêr't er yn it ramt fan 'e Frânske Oarloch de Spanjerts helpe moast yn 'e striid tsjin Frankryk. Yn 1676 kaam De Ruyter dêr te sneuveljen yn 'e Slach by Agosta, foar de kust fan Sisylje.

Lês fierder

PL Wiki CzyWiesz ikona.svg
Wisten jo dat...
In kompaktskiif
  • ... de beprinte side fan in kompaktskiif de kwetsbare side is, omdat allinnich yn it tinne laachje aluminium op dy side alle ynformaasje stiet?
  • ... de Fryske Parsepriis alle jierren útrikt wurdt oan immen dy't yn it (Fryske) nijs stien hat, sûnder dêrby de parse te sykjen of te mijen?
  • ... de Spaanske arsjitekt Antonio Gaudi, de ûntwerper fan de Sagrada Familia wie?
  • ... minsken yn harren sliep alle tsien oant fyftsjin minuten omkeare?

HSDagensdatum.svg
Hjoed, 23 maaie, yn de skiednis
Carl Linnaeus

HSPortal.svg
Temasiden

W-circle.svg
Ynfo
  • Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
  • Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
  • Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.

HSBild.svg
Plaatsje fan de wike
LestesSponsaMale.jpg
In gewoane pantserjuffer (Lestes sponsa).

Wikimedia-logo-circle.svg
Projekten
Wikimedia Commons Commons
Samling fan mediatriemmen
Wikibooks Wikiboeken
De frije stúdzjebibleteek
Wikisource Wikiboarne
De frije boarnebibleteek
Wiktionary Wikiwurdboek
It frije wurdboek
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje.
De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.