Side fan de wike
Sue is de gebrûksnamme of bynamme fan in fossyl mei it katalogusnûmer FMNH PR 2081, dat heart ta de kolleksje fan it Field Museum yn Chicago. It is it grutste eksimplaar fan in Tyrannosaurus rex dat ea ûntdutsen is, en teffens it folsleinste, mei't der mear as 90% fan it skelet bewarre bleaun is. Sue waard yn 1990 yn it Cheyenne River Yndianereservaat fan Súd-Dakota ûntdutsen troch Sue Hendrickson, in meiwurkster fan it Black Hills Institute. It fossyl waard letter nei har ferneamd, hoewol't it eigentlike geslacht fan it oarspronklike bist ûnbekend is. Nei't strideraasjes oer it eignerskip troch de rjochter besljochte wiene, waard it fossyl yn oktober 1997 op in feiling troch it Field Museum foar $8,3 miljoen oankocht, de heechste priis dy't ea foar in dinosaurusfossyl betelle is.
- Lês fierder
|
|
Wisten jo dat...
|
|
- 1791 - Berne: Michael Faraday, Ingelsk natuerkundige († 1867).
- 1826 - Ferstoarn: Johann Peter Hebel, Dútske teolooch, pedagooch, skriuwer fan koarte ferhalen en dichter (yn it dialekt).
- 1828 - Shaka Sûloe, Afrikaansk stamhaad
- 1833 - Ferstoarn: Gabinus de Wal, jurist
- 1867 - Berne: Klaas Heeringa, histoarikus
- 1924 - Berne: Teun Tolman, Nederlânske feefokker en politikus. Hy wie lid fan de Twadde Keamer foar de CHU en lid fan it Europeesk Parlemint.
- 1932 - oprjochting Fuotbalferiening De Tynje
- 1936 - Ferstoarn: Jan bij de Leij, ûnderwizer yn Jobbegea-Hoarnstersweach.
- 1949 - De Sovjet-Uny bringt syn earste atoombom ta ûntploffing
- 1960 - Maly wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 2002 - Ferstoarn: Jan de Hartog, in Nederlânsk romanskriuwer.
- 2003 - Ferstoarn: Johan Stekelenburg, Nederlânsk politikus
- 2005 - Ferstoarn: Joop Doderer, Nederlânsk akteur
|
|
|
|
Temasiden
Ynfo
- Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
- Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
- Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
|
Plaatsje fan de wike
In nijberne Frysk readbûnt kealtsje.
Projekten
|
|