1979
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1974 | 1975 | 1976 | 1977 | 1978 | 1979 | 1980 | 1981 | 1982 | 1983 | 1984 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1979 MCMLXXIX |
Ab urbe condita | 2732 |
Armeenske kalinder | 1428 ԹՎ ՌՆԻԸ |
Etiopyske kalinder | 1971 – 1972 |
Hebriuwske kalinder | 5739 – 5740 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2034 – 2035 |
- Shaka Samvat | 1901 – 1902 |
- Kali Yuga | 5080 – 5081 |
Iraanske kalinder | 1357 – 1358 |
Islamityske kalinder | 1399 – 1399 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4675 – 4676 乙午 – 丙未 |
1979 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1979.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren.
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1 jannewaris - Oan de ein fan 31 desimber 1978 (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege.
- 7 jannewaris - Fjetnameeske ynfal yn Kambodja: Fjetnameeske troepen nimme de Kambodjaanske haadstêd Phnom Penh yn om in ein te meitsjen oan 'e totale terreur fan it bewâld fan 'e Reade Kmer, dy't laat hat ta de Kambodjaanske Genoside.
- 14 febrewaris - Mei de sniestoarm fan dizze dei berikt de strange winter fan 1978-1979 yn Fryslân in hichtepunt.
- 16 febrewaris - By de Islamityske Revolúsje wurdt yn Iraan sjah Mohammed Reza Pahlavi ôfset en komt ajatolla Rûholla Chomeiny oan 'e macht. As gefolch hjirfan brekt de Oaljekrisis fan 1979 út.
- 17 febrewaris - De Sineesk-Fjetnameeske Oarloch brekt út, wêrby't de Folksrepublyk Sina it buorlân Fjetnam binnenfalt as reäksje op 'e Fjetnameeske ynfal yn Kambodja.
- 22 febrewaris - Sint-Lusia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 8 maart - Bokser Rudi Koopmans hellet yn Rotterdam de Europeeske titel yn it healswiergewicht troch in oerwinning op de Italjaan Aldo Traverso.
- 16 maart - Ein fan 'e Sineesk-Fjetnameeske Oarloch. Beide partijen sizze de oerwinning behelle te hawwen.
- 26 maart - Fuortbouwend op it Akkoart fan Camp David wurdt yn Washington, D.C. it Israelysk-Egyptyske Fredesferdrach ûndertekene. Dêrmei slút Egypte as earste Arabyske lân frede mei Israel.
- 28 maart - Troch de Kearnramp fan Three Mile Island, by Harrisburg yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, wurde de omkriten fan 'e kearnsintrale fersmoarge mei grutte hoemannichten radioaktyf gas en wetter.
- 4 april - Yn Pakistan wurdt steatsman Zulfikar Ali Bhutto terjochtsteld troch de militêre diktatuer fan Muhammad Zia-ul-Haq.
- 11 april - Yn it ramt fan 'e Ugandeesk-Tanzaniaanske Oarloch feroverje Tanzaniaanske troepen, bystien troch Ugandeeske rebellen, de Ugandeeske haadstêd Kampala. Diktator Idi Amin moat flechtsje en nimt de wyk nei Lybje.
- 1 maaie - Grienlân kriget selsbestjoer en wurdt krekt as Denemark en de Fêreu-eilannen in selsstannich lân binnen it Deenske Keninkryk.
- 3 maaie - Yn it Feriene Keninkryk wurdt Margaret Thatcher de earste froulike premier.
- 2 april - De Europeeske Fûgelrjochtline giet yn.
- 1 juny - De de facto ûnôfhinklike Republyk Rodeezje hâldt op te bestean.
- 7 juny - It Jeropeesk Parlemint wurdt foar de earste kear keazen troch de boargers fan de EEG.
- 18 juny - Yn Wenen wurdt troch de Amerikaanske presidint Jimmy Carter en Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev it SALT II-ferdrach ûndertekene, dat it tal atoomwapens fan 'e beide supermachten fierder beheine moat.
- 2 july - Kiribaty wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 july - Yn Irak folget Saddam Hoessein Achmed Hassan al-Bakr op as presidint en foarsitter fan 'e Ba'thpartij.
- 19 july - By de Sandinistyske Revolúsje wurdt yn Nikaragûa diktator Anastasio Somoza Debayle ferdreaun.
- 4 augustus - Bontebok krijt de offisjele doarpsstatus.
- 18 augustus - It Heidenskip wurdt in selsstannich doarp.
- 8 septimber - It Iraanske leger ûnderdrukt in grutskalige opstân fan 'e Koerden.
- 13 septimber - Fenda wurdt as trêde fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
- 21 septimber - Jean-Bédel Bokassa, dy't himsels yn 1977 ta keizer kroanje liet fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk, wurdt ôfset.
- 17 oktober - Mem Teresa krijt de Nobelpriis foar de Frede.
- 26 oktober - Presidint Park Cheung Hee fan Súd-Koreä wurdt fermoarde troch it haad fan syn eigen feilichheidstsjinst.
- 27 oktober - Sint-Finsint en de Grenadinen wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 4 novimber - Radikale oanhingers fan ajatolla Rûholla Chomeiny kringe de Amerikaanske ambassade yn Teheran binnen, en gizelje dêr 52 Amerikaanske diplomaten. Dat is it begjin fan 'e saneamde Iraanske Gizelderskrisis.
- 27 desimber - Mei de ynfal yn Afganistan begjint de Sovjet-Uny de slepende Russysk-Afgaanske Oarloch dy't oant 1989 duorje sil.
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- jannewaris
- 3 - Marika Fruscio, Italjaansk presintatrise en neakenmodel
- 8 - Sipke Ernst, Frysk skaker
- 12 - Johnny de Mol, Nederlânsk akteur en presintator
- 15 - Ariella Ferrera, Kolombiaansk pornoaktrise
- 24 - Tatyana Ali, Amerikaansk aktrise
- 24 - Jill Jackson, Skotsk sjongster
- febrewaris
- 4 - José Been, Nederlânsk sportferslachjouster
- 7 - Tawakkol Karman, Jemenitysk minskerjochte-aktiviste en Nobelpriiswinneresse
- 21 - Abby Rode, Amerikaansk pornoaktrise
- maart
- 17 - Stormy Daniels, Amerikaansk pornoaktrise
- 23 - Meike de Jong, Nederlânsk nijslêzeresse
- april
- 9 - Katsuni, Frânsk pornoaktrise
- 12 - Claire Danes, Amerikaansk aktrise
- 30 - Kip Carpenter, Amerikaansk hurdrider
- maaie
- 6 - Eva Karera, Waalsk pornoaktrise
- 10 - Mahina Zaltana, Amerikaansk pornoaktrise
- 16 - McKenzie Lee, Ingelsk pornoaktrise
- 21 - Briana Banks, Dútsk-Amerikaansk pornoaktrise
- juny
- 5 - Maria Sterk, Frysk maratonrydster
- 7 - Vanda Vitus, Hongaarsk pornoaktrise
- 18 - Georgina Kwakye, Nederlânsk aktrise en presintatrise
- 23 - Franca Treur, Nederlânsk skriuwster
- july
- 29 - Lexxxi Lockhart, Amerikaansk pornoaktrise
- 31 - Grytsje Schaaf, Frysk dichteresse
- augustus
- 22 - J.T. Money, Amerikaansk pornoakteur
- septimber
- 3 - Mel McLaughlin, Australysk sportferslachjouster en presintatrise
- 14 - Catalina Cruz, Amerikaansk pornoaktrise
- 24 - Katja Kassin, Dútsk pornoaktrise
- oktober
- 4 - Caitriona Balfe, Iersk model en aktrise
- 9 - Georgina Verbaan, Nederlânsk aktrise
- 31 - Jan Jaap van der Wal, Nederlânsk komyk en kabaretier
- novimber
- 10 - Nina Mercedez, Amerikaansk pornoaktrise
- 20 - Hend Sabry, Tunezysk aktrise
- 27 - Simone West, Amerikaansk pornoaktrise
- desimber
- 31 - Loona Luxx, Frânsk pornoaktrise
- 31 - Mariah Milano, Amerikaansk pornoaktrise
- datum ûnbekend
- Nicholas Galanin, Amerikaansk keunstner en muzikant
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 5 jannewaris - Peter Bonnet, Frysk ûnderwizer en keunstsamler (* 1896)
- 26 jannewaris - Nelson Rockefeller, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1908)
- 31 jannewaris - Rixt, Frysk dichteresse (* 1887)
- 2 febrewaris - Sid Vicious, Ingelsk muzikant (* 1957)
- 10 maaie - Louis Paul Boon, Flaamsk skriuwer en skilder (* 1912)
- 23 maaie - Hub van Doorne, Nederlânsk ûndernimmer, oprjochter DAF (* 1900)
- 26 maaie - John Wayne, Amerikaansk akteur (* 1907)
- 8 juny - Lou Geels, Nederlânsk akteur (* 1908)
- 11 juny - John Wayne, Amerikaansk akteur (* 1907)
- 4 july - Theodora Kracaw Kroeber, Amerikaansk antropologe en folkekundige (* 1897)
- 29 july - Herbert Marcuse, Dútsk-Amerikaansk filosoof (* 1898)
- 22 augustus - Hendrik Beernink, Nederlânsk politikus (* 1910)
- 21 septimber - Tseard Visser, Frysk byldzjend keunstner (* 1929)
- 22 novimber - Anne Vondeling, Nederlânsk politikus (* 1916)
- 13 desimber - Jan Roos, Nederlânsk strjitartyst (* 1896)
- 15 desimber - Piet Post, Frysk oargelist, dirigint en komponist (* 1919)
- 23 desimber - Peggy Guggenheim, Amerikaanske keunstsamler (* 1898)
Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- toaniel
- Elie Wiesel - Le Procès de Shamgorod (oerset yn it Frysk as It Proses fan Schamgorod)
Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- singles
Jierren: | 1974 | 1975 | 1976 | 1977 | 1978 | 1979 | 1980 | 1981 | 1982 | 1983 | 1984 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|