2005
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2005 MMV |
Ab urbe condita | 2758 |
Armeenske kalinder | 1454 ԹՎ ՌՆԾԴ |
Etiopyske kalinder | 1997 – 1998 |
Hebriuwske kalinder | 5765 – 5766 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2060 – 2061 |
- Shaka Samvat | 1927 – 1928 |
- Kali Yuga | 5106 – 5107 |
Iraanske kalinder | 1383 – 1384 |
Islamityske kalinder | 1426 – 1426 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4701 – 4702 辛申 – 壬酉 |
2005 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2005.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- jannewaris
- 5 - Earis, de grutste dwerchplaneet yn it Sinnestelsel, wurdt ûntdutsen troch in team fan astronomen ûnder lieding fan Michael E. Brown.
- 7 - By de treinramp fan Crevalcore komme yn Itaalje 17 minsken om.
- 14 - De romtesonde Huygens lânet op Titan, de grutste moanne fan 'e planeet Saturnus.
- 18 - Kafee-eigner Johan de Jong wurdt yn syn eigen Kafee Nijlân yn Ljouwert ombrocht by in berôving.
- 20 - George W. Bush wurdt foar syn twadde termyn ynaugurearre as presidint fan 'e Feriene Steaten.
- febrewaris
- 8 - Yn 'e troch Israel besette Palestynske gebieten komt de Twadde Intifada, in folksopstân tsjin 'e Israelyske oerhearsking, ta in ein.
- 10 - Noard-Koreä makket, by wize fan beskerming tsjin wat it beskôget as de oanhâldende agresje fan 'e Feriene Steaten, bekend dat it nukleêre wapens hat.
- 14 - Rafyk Hariri, de eardere premier fan Libanon, wurdt by in bomoanslach yn Beirût fermoarde. Behalven hysels komme ek 16 oare minsken om.
- 16 - It Kyoto-protokol, in wrâldwiid ferdrach dat klimaatferoaring tsjingean moat, wurdt fan krêft.
- maart
- 2 - Yn Fryslân komt fanwege swiere sniefal it iepenbiere libben foar in grut part stil te lizzen. Skoallen bliuwe foar in part ticht en ferfierbedriuw Arriva hâldt de bussen yn 'e remize. Op sommige plakken leit 50 sintimeter snie.
- 16 - Neffens in rjochterlike útspraak wurdt ljipaaisykjen yn Fryslân ferbean.
- 24 - By de Tulperevolúsje yn Kirgyzje wurdt presidint Askar Akajev, dy't diktatoriale nigings fertoande, nei massale demonstraasjes fan 'e befolking ôfset en nei it bûtenlân ferdreaun.
- 28 - By in swiere ierdbeving fan 8,6 op 'e skaal fan Richter op it grutte Yndonezyske eilân Sumatra komme 1.314 minsken om en reitsje 1.146 oaren ferwûne. Benammen it lytsere eilân Nias, foar de Sumatraanske westkust, is swier troffen.
- 30 - Maria Sterk brekt it wrâldoererekôr reedriden foar froulju.
- april
- 1 - Yn Feanwâlden wurdt in genoatskip oprjochte om de neitins oan skriuwer Theun de Vries yn eare te hâlden.
- 2 - Nei in pontifikaat fan mear as in fearnsiuw komt yn Rome paus Jehannes Paulus II te ferstjerren.
- 9 - De Britske kroanprins Charles wertrout mei de skieden Camilla Parker Bowles, mei wa't er al jierren in relaasje ûnderhâldt. Camilla kriget de titel 'hartoginne fan Cornwall' om har te ûnderskieden fan Charles syn earste frou, Diana, prinsesse fan Wales.
- 19 - Kardinaal Joseph Ratzinger wurdt keazen as opfolger fan 'e ferstoarne paus Jehannes Paulus II. Hy komt op 'e Hillige Stoel ûnder de namme fan Benediktus XVI.
- 23 - It earste filmke wurdt opladen op 'e fideowebside YouTube.
- 26 - De lêste Syryske troepen lûke har werom út Libanon, wêrmei't nei 29 jier in ein komt oan 'e Syryske besetting fan Libanon.
- 28 - It lêste programma fan Radio en Tillefyzje Smellingerlân wurdt útstjoerd.
- maaie
- 13 - By it Bloedbad fan Andijon wurde teminsten 200 minsken fermoarde as troepen fan it Oezbeekske Ministearje fan Binnenlânske Saken yn 'e stêd Andijon it fjoer iepenje op freedsume demonstranten.
- 21 - It Boargemaster Rasterhoffpark yn Snits wurdt iepene.
- 29 - By it referindum oer de Jeropeeske Grûnwet yn Frankryk stimt 54,7% fan 'e befolking tsjin.
- juny
- 1 - By it referindum oer de Jeropeeske Grûnwet yn Nederlân stimt 61,5% fan 'e befolking tsjin.
- 23 - De Kanadeeske provinsje Nij-Breunswyk fiert it homohoulik yn.
- 27 - Yn 'e rjochtsaak McCreary County v. American Civil Liberties Union docht it Amerikaansk Heechgerjochtshôf de útspraak dat in boerd oan 'e wand mei dêrop de Tsien Geboaden yn it gerjochtsgebou fan Pulaski County (Kentucky) yngiet tsjin 'e skieding fan tsjerke en steat yn 'e Feriene Steaten, en dat it boerd dêrom fuorthelle wurde moat.
- july
- 3 - Spanje fiert it homohoulik yn.
- 7 - By bomoanslaggen yn Londen, troch islamistyske terroristen op it iepenbier ferfier yn 'e Britske haadstêd Londen, komme 56 minsken om, ynkl. 4 dieders.
- 7-11 - De orkaan Dennis feroarsaket yn it Karibysk Gebiet en de súdeastlike Feriene Steaten 88 deaden en rjochtet foar $3,7 miljard oan skea oan.
- 9 - Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wint de achtste etappe fan de Omgong fan Frankryk.
- 20 - Kanada fiert (lanlik) it homohoulik yn.
- 23 - By in rige bomoanslaggen yn it Egyptyske baaiplak Sjarm al-Sjeich komme mear as 80 minsken om.
- 28 - It Ierske Republikeinske Leger ferklearret de wapene kampanje fan 'e paramilitêre beweging, dy't sûnt 1969 oan 'e gong is, foar beëinige, en oarderet alle sellen om harren wapens yn te leverjen.
- augustus
- augustus-septimber - Ferskate organisaasjes rapportearje oer de gefolgen fan it grutte tal fan strjitrôven yn Ljouwert: dat leit 30% heger as yn 2004. De reputaasje fan Ljouwert hat dêr bot ûnder te lijen, en dat hat gefolgen foar de horeka en de winkels yn 'e binnenstêd.
- 3 - Rutmer van der Meer, Chris Wassenaar en Jacob Wassenaar winne de 152ste PC yn Frjentsjer. Chris Wassenaar wurdt ta kening keazen.
- 4 - Keninginne Beatrix besiket de provinsje Fryslân yn 'e rige fan provinsje-besites fanwegen har 25-jierrich jubileum as monarch.
- 14 - Underweis fan Syprus nei Atene fljocht it ferkearsfleantúch Helios Airways-flecht 522 tsjin in berch oan benoarden it Grykske plak Maraton. Alle 121 ynsittenden komme om.
- 16 - It ferkearsfleantúch West Caribbean Airways-flecht 708 stoart del yn in ôfhandige krite fan Fenezuëla, wêrby't 160 minsken omkomme.
- 23 - Under it saneamde Unilaterale Weromlûkingsplan ûntrommet Israel alle Joadske kolonistedoarpen yn 'e Gaza-stripe en inkele yn it Westjordaanlân (yn totaal 25).
- 24-30 - De orkaan Katrina feroarsaket op 'e Bahama's en Kuba en yn 'e Amerikaanske steaten Floarida, Louisiana, Mississippy en Alabama 1.836 deaden en rjochtet foar $108 miljard oan skea oan. Dêrmei is it de djoerste natoerramp út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten. De measte stjergefallen en skea fine plak as by New Orleans de diken trochbrekke en de stêd derûnder strûpt.
- 29 - De orkaan Katrina komt by New Orleans oan lân yn 'e Feriene Steaten en set de stêd splis.
- 31 - By de brêgeramp yn Bagdad komme yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad 953 minsken om trochdat se ûnder de foet rûn wurde as der panyk útbrekt op 'e Al-Aäimma-brêge oer de rivier de Tigris.
- septimber
- 7 - De alderearste presidintsferkiezings yn Egypte dêr't mear partijen oan meidogge, wurde ûntsierd troch stimbusfraude, begien troch it rezjym fan 'e sittende presidint Hosni Mûbarak.
- 12 - It Israelyske leger lûkt him hielendal werom út 'e Gaza-stripe nei't alle Joadske delsettings dêre ûntromme en ferneatige binne.
- 14 - Ton van Lieshout wurdt yn syn eigen hûs yn Damwâld slim mishannele en ferstjert in dei letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings.
- 15-25 - De orkaan Rita feroarsaket op 'e Turks- en Kaikoseilannen, de Bahama's, Hispanjoala en Kuba en yn 'e Amerikaanske steaten Floarida, Teksas en Louisiana teminsten 125 deaden en rjochtet foar $12 miljard oan skea oan.
- 19 - Noard-Koreä stimt deryn ta om op te hâlden mei de ûntwikkeling fan nukleêre wapens yn ruil foar ynternasjonale help en gearwurking.
- 20 - As de Deenske krante Jyllands-Posten kwetsende spotprinten fan 'e profeet Mohammed ôfdrukt, liedt dat ta grutte lulkens en in gewelddiedige opskuor yn 'e islamityske wrâld.
- oktober
- 1 - By de bomoanslaggen op Baly, troch islamistyske terroristen op doelen yn it baaiplak Kuta, op it Yndonezyske eilân Baly, komme 23 minsken om, ynkl. 3 dieders.
- 8 - By in swiere ierdbeving fan 7,6 op 'e skaal fan Richter yn Pakistaansk-Kasjmier komme mear as 86.000 minsken om en reitsje ferskate miljoenen dakleas.
- 19 - Yn Irak begjint de rjochtsaak tsjin 'e eardere diktator Saddam Hoessein, dy't oanklage wurdt foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid.
- 18-26 - De orkaan Wilma feroarsaket op 'e Kaaimaneilannen, it Jûkatan-skiereilân fan Meksiko en Kuba en yn 'e Amerikaanske steat Floarida teminsten 87 deaden en rjochtet foar $29,4 miljard oan skea oan.
- 29 - De 2.000ste side fan de Fryske Wikipedy wurdt skreaun: Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg.
- novimber
- 9 - By bomoanslaggen yn Amman, troch islamistyske terroristen op trije hotels yn 'e Jordaanske haadstêd Amman, komme 63 minsken om, ynkl. 3 dieders.
- 30 - Yn Frankryk fiere sjirurgen de earste gesichtstransplantaasje út by in minske.
- desimber
- 18 - Yn Tsjaad brekt in boargeroarloch út nei't ferskate rebellegroepen, mei stipe fan it regear fan Sûdaan, de Tsjadyske haadstêd N'Djamena oanfalle.
- 31 - Foar it earst sûnt 1998 wurdt oan 'e ein fan it jier in skrikkelsekonde tafoege.
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 17 maart - Flynn Morrison, Amerikaansk akteur
- 26 maart - prinsesse Luana van Oranje-Nassau van Amsberg (dochter fan prins Johan Friso en Mabel Wisse Smit)
- 31 maaie - prinsesse Felicia van Lippe-Biesterfeld van Vollenhoven (dochter fan prins Maurits en Marilène van den Broek)
- 26 juny - prinsesse Alexia fan de Nederlannen
- 4 oktober - prins Emmanuel fan Belgje (soan fan kroanprins Filips en Mathilde d'Udekem d'Acoz)
- 15 oktober - prins Kristiaan fan Denemark (soan fan kroanprins Freark en Mary Donaldson)
- 13 desimber - prins Nikolaas en prins Aymeric fan Belgje (twillingsoannen fan prins Laurent fan Belgje en Claire Coombs)
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 3 jannewaris - William Erwin Eisner, Amerikaanske striptekener (* 1917)
- 5 jannewaris - Ramadan Aitoty, Irakees fermoarde yn Aldeboarn (* 1954?)
- 9 jannewaris - Jan Bearn Singelsma, Frysk politikus (* 1914)
- 15 jannewaris - Riemie Huismans-Bosklopper, Frysk waadrinster (* 1917)
- 17 jannewaris - Virginia Mayo, Amerikaansk aktrise (* 1920)
- 18 jannewaris - Johan de Jong, Frysk moardslachtoffer (* 1950)
- 21 jannewaris - Theun de Vries, Frysk skriuwer (* 1907)
- 26 jannewaris - Rudi Falkenhagen, Nederlânsk akteur (* 1933)
- 27 jannewaris - Libbe de Jong, Frysk moardslachtoffer (* 1951)
- 8 febrewaris - Heine Keuning, Frysk beweger en politikus (* 1918)
- 12 febrewaris - Jaap Pander, Frysk keatser (* 1929)
- 3 maart - Rinus Michels, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener (* 1928)
- 9 maart - Pauline Small, Amerikaansk politika en bestjoerster (* 1924)
- 15 maart - Loe de Jong, Nederlânsk skiedkundige en sjoernalist (* 1914)
- 1 april - Albert Rinia, Frysk keatser (* 1931)
- 2 april - paus Johannes Paulus II (* 1920)
- 6 april - prins Rainier III fan Monako (* 1923)
- 2 maaie - Marten Sikkema (Govert Gezelle Meerburg), Frysk skriuwer, dichter en oersetter (* 1918)
- 13 july - Ger Vaders, Nederlânsk sjoernalist (* 1925)
- 21 july - Jan Pyt Janzen, Frysk skiedkundige en publisist (* 1945)
- 27 july - Marten Toonder, Nederlânsk tekener en skriuwer fan stripferhalen (* 1912)
- 31 july - Wim Duisenberg, Frysk ekonoom, politikus en bankier (* 1935)
- 6 augustus - Ibrahim Ferrer, Kubaansk sjonger (* 1927)
- 1 septimber - R.L. Burnside, Amerikaansk bluesmuzikant (* 1926)
- 15 septimber - Ton van Lieshout, Frysk moardslachtoffer (* 1942)
- 20 septimber - Simon Wiesenthal, Eastenryksk nazy-jager (* 1908)
- 22 septimber - Joop Doderer, Nederlânsk akteur (* 1921)
- 9 oktober - Willem van Althuis, Frysk byldzjend keunstner (* 1926)
- 12 oktober - Berend Joukes Fridsma, Frysk taalkundige en frisiast (* 1905)
- 15 oktober - Sybout Jacob Nijdam, keatspionier en ûnderwiisman (* 1905)
- 21 oktober - Coba de Groot, Frysk ûnderwizeres en keunstskilderes (* 1922)
- 24 oktober - Rosa Parks, Amerikaansk minskerjochte-aktiviste (* 1913)
- 25 novimber - Hotze Schuil, Frysk keatser (* 1924)
Bisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 28 juny - Eastland Cash, ferneamde fokbolle (* 1991)
Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- romans
- Jim Butcher, Dead Beat
- C.J. Cherryh, Destroyer
- Lois McMaster Bujold, The Hallowed Hunt (oerset yn it Frysk as Yn it Skaad fan de Wolf)
- J.K. Rowling, Harry Potter and the Half-Blood Prince
Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- American Pie Presents: Band Camp
- Charlie and the Chocolate Factory
- The Chronicles of Narnia: The Lion, the Witch and the Wardrobe
- Constantine
- Corpse Bride
- Doom
- Flightplan
- The Hitchhiker's Guide to the Galaxy
- Joyeux Noël
- Just Like Heaven
- Kameleon 2
- King Kong
- Kingdom of Heaven
- Lord of War
- Million Dollar Baby
- Munich
- Racing Stripes
- Sahara
- Serenity
- Sin City
- Star Wars Episode III: Revenge of the Sith
- Wallace & Gromit: The Curse of the Were-rabbit
- War of the Worlds
- Wedding Crashers
- Zero New Blood
Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|