De Ried fan de Fryske Beweging set har yn foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer.
Understeand in oersjoch fan saken der’t de Ried op’t stuit mei dwaande is.

Rinnende saken

Febrewaris 2020 - Nynke Beetstra is nij bestjoerslid wurden fan de Ried. Hja hat koartlyn ôfskied naam…

Jannewaris 2020 (ôfbylding Willy Sietsma, Pixabay) - Om’t de Ried yn 2020 75 jier bestiet is der…

Jannewaris 2020 (foto: Hindrik Sijens, Flickr) - Riedslid Jehannes Elzinga striidt foar Fryske plaknammen yn de Waadhoeke.…

Novimber 2019 - De jierlikse Fedde Schurer lêzing hie as tema ‘Minder jarre, mear boeren, mear fûgels’. De…

Novimber 2019 - Op in ferfolch brief oan rjochtbankpresidint frou Maria van de Schepop oer it brûken fan…

Septimber 2019 - It Krystkongres fan Bernlef kriget € 250 stipe. De organisaasje moat fan de gearkomste…

19 april - Op 6 maart waard de earste gearkomste fan WUB (Wat ús bynt) holden mei sa’n…

2 oktober 2017 - It krewearjen oer it brûken fan it Frysk troch ANBI-ynstellingen by it ferantwurdzjen by…

7 april 2017 - De Ried wie mei de Provinsje útnûge troch de Beauftragte der Bundesregierung für Aussiedlerfragen…

15 febrewaris 2017 - De Ried hat te set west oer de programma’s fan de ferskate politike…

Oer de Ried

De Ried fan de Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. It is in stifting, dêr’t ferskate  organisaasjes by oansletten binne. In oersjoch fan dy organisaasjes stiet op Oer ús.

De Ried wurket mei in deistich bestjoer en in stikmannich wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Foar in part strike de aktiviteiten fan de Ried mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.

Foar fragen en opmerkings kinne jo maile nei ynfo@fryskebeweging.frl. Of folje it formulier ûnder Kontakt yn. Wy besykje jo berjocht sa fluch as mooglik te beäntwurdzjen.

Stypje ús

Jo kinne ‘stiper wurde’ fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dat binne jo al foar € 25,- it jier. Jo krije dan ús blêd ‘Swingel’ fergees tastjoerd. En jo kinne meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk. Jou jo hjir op.