Samar klear…
1. Sykje in webhost dy’t WP (mei syn PHP (minimaal 5.2.4) en MySQL (minimaal 5) hoste kin.
2. Download en ynstallearje WordPress mei ús ferneamde 5-minuten ynstallaasje (sjoch ûnder) troch it zipbestân op dyn webhost út te pakken en dyn database-gegevens yn it configbestân te setten.
3. Boppe-oan dizze side stean ferskillende ferwizings nei WordPress foarums.
5-minuten ynstallaasje
1. It hiele pakket, datsto krekt downloade hast, útpakke op dyn kompjûter.
2. Iepenje wp-config-sample.php en set dyn database-gegevens der yn.
3. Bewarje it bestân en jou it de namme wp-config.php
. Asto swierrichheden hast mei wp-config.php
of der binne saken dy’tsto net begrypst, gean dan nei de Editing wp-config.php side.
4. Alle bestannen oplade.
5. It lêste part fan de ynstallaasje is it yntikken fan /install.php
yn dyn favorite webblêder. De bestannen kinsto fine yn de wp-admin folder: /wp-admin/install.php
.
Foarbyld: http://www.bygelyks.com/wp-admin/install.php
Dat wie it!