Markomannen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kaart fan it Romeinse Ryk yn 125 ûnder Hadrianus, mei it gebiet fan de Marcomanni yn de Donauregio (Ister), op de hichte fan it Bohemen fan no

De Markomannen (Latyn: Marcomanni) wienen in Germaansk folk dat fermoedlik mei de Kwaden ta it losse stamferbân fan de Sueben hearden.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wennen de Markomannen oan de Eastsee. Sy kamen yn de 3e iuw nei it suden ta en fêstigen har yn it Maingebiet. Yn de skriftlike boarnen is foar it earst oer harren optekene dat sy yn 58 f.Kr. ûnder lieding fan Ariovistus tsjin de Romeinen fochten.

Yn 12 f.Kr. makken de Romeinen in begjin mei de oermastering fan Germaanje en foelen trije jier letter it gebiet fan de Markomannen yn. Troch de Romeinske fjildhear Drusus waarden sy twongen har wengebiet yn it tsjintwurdige Thüringen yn Dútslân) te ferruiljen foar it tsjintwurdige Bohemen.

It Markomaanske keninkryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nije wengebieten werstelden de Markomannen harren al gau fan it ferlies tsjin de Romeinen. Tsien jier letter foarmen sy de earste Germaanske steat ûnder lieding fan in kening. Hja keazen Marbod as lieder. Dizze ûntwikkeling wie de Romeinen min nei it sin. De groeiende macht fan de Markomannen hie in oanboazjende wurking op oare stammen. Fierders foarme it ryk fan de Markomannen in bedriging foar sawol Germaanje as de Donaugrins. Dôchs toande Marbod gjin inkele fijannigens tsjin Rome.

Yn it jier 6 besleat Rome om yn te gripen. Der waarden wol tolve legioenen ynsetten om it Markomannenryk yn in grutte tangebeweging oan te fallen. Mar op itselde stuit bruts der in grutte opstân út yn de oanbuorjende provinsje Pannoanje, wêrtroch de hiele kampanje net trochgean koe. Tsjin de ferhâldingen yn sleat Marbod in ferdrach mei de Romeinen.

Marbod koe syn posysje hiel lang bewarje, mar úteinlik gie hy ten ûnder troch in oarloch tsjin de Sjerusken ûnder lieding fan Arminius (17) en waard úteinlik ta fal brocht troch de Goaten ûnder lieding fan Katualda (19). Foar de Markomannen betsjutte dit dat sy ûnder sterke Romeinske ynfloed kamen te stean.

Markomanne-oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de twadde helte fan 2e iuw bruts de saneamde Markomanne-oarloch út. De Markomannen foarmen doe in koalysje mei de Kwaden en Sarmaten en foelen it Romeinske ryk binnen. De destiidske keizer Markus Aurelius moast in grut part fan syn bewâld tsjin de Markomannen striid fiere. Uteinlik soe syn soan en opfolger Kommodus de striid beëinige troch in, foar de Romeinen, tige ûnfoardielige frede te sluten.

Ein as folk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 4e iuw wie tusken it Romeinske ryk en de Markomannen opnij fijannigens. Under oanfiering fan keninginne Fritigil besochten sy hieltyd wer it Romeinske Ryk yn te kommen. De Romeinske generaal Stilicho makke yn 396 op't lêst in ein oan dizze sitewaasje. De Markomannen krigen tastimming foar festiging yn Pannoanje en foarmen in federaasje mei de Romeinen. Under ynfloed fan de biskop fan Milaan Ambrosius fan Milaan gongen de Markomannen oer ta it kristlik leauwen.

As folk wie foar it lêst sprake fan de Markomannen doe't sy yn 451 oan de side fan Attila de Hun fochten yn de Slach op de Katalaunyske fjilden. Yn de iuwen dêrnei ferdwûnen de Markomannen stadichoan út de skiednis. Hoe 't dit krekt ferrûn, is lykwols net krekt bekend. Hja gongen wierskynlik op yn oare, fermoedlik Slavyske folken. Neffens guon skiedkundigen stamje de Bajuwaren, dy't letter yn Súd-Beieren en Eastenryk wennen ôf fan de Markomannen.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
Cultures, 1200 BC.PNG