Delhelje op dyn kompjûter

Rjochts stiet de lêste ferzje fan WordPress yn it Frysk. Klik derop om de download te begjinnnen. Asto WordPress al yn it Nederlânsk of Ingelsk ynstallearre hast, dan hoechsto allinich mar de Fryske ferzje del te heljen. Oerskriuw dyn besteande WordPress ynstallaasje mei it útpakte .zip bestân fia FTP.

Nei’t dat klear is moatst noch in lytse oanpassing dwaan yn it wp-config.php bestân, wat yn ‘e root fan dyn WordPress ynstallaasje fine kinst. Sykje dizze koade op:

define ('WPLANG', '');

en feroarje dat nei:

define ('WPLANG', 'fy');

De feroare wp-config.php opslaan en nochris oplade nei de root fan de WordPress ynstallaasje en klear is it. Mear hoechsto net te dwaan.