Taboe
Taboe, ôflaat fan it Polynezyske wurd tapu, is in term dy’t, benammen yn religieus ferbân, eat oanjout dat net dien wurde mei, fral omreden fan (in gefaarlik grutte) hillichheid of krekt ûnreinens, mar soms ek út mear praktyske omtinkens.
Taboes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foarmen fan taboes binne ûnder oaren: in foarwerp dat net oanrekke wurde mei, in plak dêr’t men bygelyks net komme of eat net dwaan mei, in bist dêr’t net op jage wurde mei, in soarte fleis, fisk, plant of frucht dy’t net iten wurde mei, in steat, bygelyks fan ûnreinens, dêr’t men in beskate hanneling net yn útfiere mei, in wurd dat net útsprutsen wurde mei en in ûnderwerp dêr’t net oer praat wurde mei.
In goed spesifyk foarbyld, dat tige algemien foarkomt, is it taboe dat op menstruaasjebloed leit, of fanwegen in grutte ûnreinheid, of fanwegen it libbenbringen in gefaarlik grutte hillichheid. In frou dy’t har tiid fan ’e moanne hat, mei dêrom yn in tige grut tal kultueren bygelyks allinne mar iten foar harsels klearmeitsje en ek komt it foar dat se har fan ’e rest fan ’e maatskippij ôfsûnderje moat, faak yn in apart hûs dat spesjaal foar dat doel oan ’e râne fan of bûten it doarp boud is.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hoewol’t men by taboes al gau oan natoerreligys tinkt, komme se ek yn oare godstsjinsten foar, en binne se ek net beheind ta religys. Yn religys wurde se almeast omskreaun as foarskriften, yn oare situaasjes binne se gauris part fan de moares, de net delskreaune regels, fan groepen. Sa leit der yn it Joadendom en de Islam bygelyks in taboe op it iten fan bargefleis, fanwegen ûnreinheid, en yn it Hindoeïsme op it iten fan kowefleis, fanwegen hillichheid. Dat in religieus taboe net perfoarst in religieuze eftergrûn hat, docht bliken út de wrâldse betsjuttings fan dy taboes: bargefleis bedjert samar, fral yn waarme streken, en de kij fan de Hindoes wienen arbeidskrêft, sûnder kij gjin ekers en sûnder ekers letter gjin iten.
Oseaanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al besteane taboes oer de hiele wrâld, dochs kamen en komme se yn Austraalje en it gebiet fan de Stille Súdsee by útstek foar. By de Maori’s fan Nij-Seelân, bygelyks, wienen taboes in tige wichtich aspekt fan ’e religy, dat benammen gou foar dingen dy’t oanhâldend yn kontakt stienen mei minsken of foarwerpen dy’t in grut mana hienen, lykas de besittings fan in haadman of de grûn foar it mienskipshûs dêr’t de geasten fan ’e foarâlden libben.
De Kanaken fan Nij-Kaledoanje beskôgen begraafplakken as it domein fan ’e geasten en dêrom as taboe. Ek waarden taboes by harren faak assosjearre mei in toatem. Dingen dy’t yn drekt ferbân stienen mei de toatem koenen dertroch beynfloede en sadwaande taboe wurde. Sa koe foar minsken dy’t de iel as toatem hienen, de rivierwâl taboe wêze om’t har toatem dêr sliepte. Men leaude dat it ferbrekken fan sa’n taboe sykte en mooglik sels de dea feroarsake.
Jeropeänen hienen ornaris de gek mei de Oseaanske taboes, mar op Samoa makken se der gebrûk fan, en wol op in bysûnder sadistyske manear. Om harren bekearing ta it Kristendom te bewizen, twongen de misjonarissen dêre nammentlik de minsken om har aitu, har persoanlike toatem, op te iten en dêrmei ien fan ’e hillichste taboes fan harren natoerreligy te ferbrekken.
De Aboriginals fan Austraalje leauwe fan in protte fan har hillige plakken dat se gefaarlik binne en it is ûnder Aboriginal-wetten dan ek ferbean om der te kommen. Foar blanke Westerlingen meie sokke beheinings wol klearebarre byleauwe lykje, mar yn in grut tal gefallen hawwe se in pragmatyske oarsprong. Ien plak yn noardlik Austraalje leaude men bygelyks fan, dat it swolms feroarsake oer it hiele lichem as men der kaam. Nei ûndersyk die bliken dat dêre in gefaarlik hege radio-aktiviteit wie troch it natuerlike foarkommen fan in ûngewoan hege konsentraasje fan radon-gas. In oar bekend foarbyld is dat fan it taboe dat der tradysjoneel lei op it fiskjen by in beskaat rif. Blanken besloegen dat mei de gek, oant men derefter kaam dat de fisk út dat gebiet in heech gehalte fan ’e foar minsken tige giftige stof ciguatera hie.
Oare parten fan ’e wrâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Eskimo’s leauden yn ’e sila, de delikate, natuerlike blâns fan it hielal, dy’t beskerme waard troch taboes. Men koe de sila bygelyks fersteure troch in bist te deadzjen dat bewenne waard troch in toornok, in geast. De sila koe dan allinne bymakke wurde troch de dea fan ’e jager. Om soks foar te kommen, lei der by guon Eskimostammen in taboe op ’e jacht op lândieren. Fierders moast men de geasten fan ’e bisten dêr’t men op jage, geunstich stimme; men leaude ek net dat in jager súkses hie, mar dat it bist him mei sin opoffere.
Ek wie der de wettergeast dêr’t rekken mei holden wurde moast. Dy waard foarsteld as in âlde frou dy’t by it wetter siet en it súkses fan ’e jacht opkeare koe troch har hier oer it wetter te kammen, sadat de seehûnen net boppekomme koenen. Sykte waard by de Eskimo's faak taskreaun oan ’e oanwêzigens fan perlussuaq, kweageasten dy’t besit namen fan ’e sike en de blâns fersteurden.
De Jupik leauden dat it hielal út ferskate lagen bestie, dy’t mei-inoar in faai lykwicht foarmen. Troch ûntrochtocht minsklik hâlden en dragen koenen de geasten ûntstimd reitsje, mei as gefolch dat it lykwicht fersteurd waard, sadat der sykte, tsjinslach yn ’e jacht of stoarmen kamen. Sa wie it foar famyljeleden fan in ferstoarne bygelyks taboe om skerpe foarwerpen te brûken, want dêrmei soenen se ûnopsetlik de geast fan ’e deade stekke en dêrmei lilk meitsje kinne.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- A. Borsboom en A. Ploeg, Stille Zuidzee, Amsterdam/De Haach, 1992.
- J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
- Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
- J. DuFresne, Alaska, Hawthorn, 1997.
- H. Finlay en oaren, Australia, Hawthorn, 1998.
- L. Logan en G. Cole, New Caledonia, Hawthorn, 1997.
- D. Swaney, Iceland, Greenland and the Faroe Islands, Hawthorn, 1997.
- D. Talbot en D. Swaney, Samoa, Hawthorn, 1998.
- P. Turner en oaren, New Zealand, Hawthorn, 1998.
- T. Wheeler en J.B. Carillet, Tahiti & French Polynesia, Hawthorn, 1997.
- H. Wouters, Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.