Yndia
|
|||||
Offisjele taal | Hindy, Ingelsk, en 17 oare nasjonale talen | ||||
Haadstêd | New Delhi | ||||
Steatsfoarm | Federale republyk | ||||
Gebiet % wetter |
3.287.590 km² 9,5% |
||||
Ynwenners (2005) | 1.080.264.388 | ||||
Munt | Rupee (INR) | ||||
Tiidsône | UTC +5:30 | ||||
Nasjonale feestdei | 26 jannewaris | ||||
Lânkoade | IND | ||||
Ynternet | .in[*], .ભારત[*], .भारत[*], .ଭାରତ[*], .ਭਾਰਤ[*], .بھارت[*], .ভারত[*] | ||||
Tillefoan | +91 |
Yndia is in lân yn Súd-Aazje, oan de Yndyske Oseaan. De haadstêd is New Delhi en de presidint fan de republyk is sûnt 2007 Pratibha Patil.
Ynhâld
Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yndia wurdt begrinzge troch:
- Sina, Nepal en Bûtan yn it noarden;
- Birma, Banglades en de Baai fan Bengalen yn it easten;
- Sry Lanka yn it súdeasten;
- de Yndyske Oseaan en de Maldiven yn it súdwesten;
- de Arabyske See yn it westen;
- Pakistan yn it noardwesten.
Lânskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yndia is in grut skiereilân. Lânskiplik kin it yn trije parten opdield wurde:
It noarden fan it lan leit yn de Himalayaberchrige en syn útrinners Pamir en Karakoram en is dêrtroch tige bercheftich. De Kanchenjunga mei 8.598 meter is it heechste punt.
Fierder nei it suden lizze de grutte flakten. Hjir rinne ek de grutte rivieren, de Ganges en de Brahmaputra, dy't útkomme yn de noardein fan de Baai fan Bengalen. Troch dizze rivieren is it gebiet tige fruchtber.
Yn it westen leit de Tharwoastyn en yn it suden leit in grut plato, it Dekan. Dat plato leit tusken de Baai fan Bengalen en de Arabyske See. Oan beide kanten wurdt it plato begrinzge troch berchrigen, de westlike en eastlike Ghats.
It klimaat is subtropysk oant tropysk.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yndia is it mearpart fan in natuerlike ienheid, omsletten troch de Yndyske Oseaan en de Himalaja. Dêrtroch is it mûchlik te stribjen nei in ryk dat gâns it gebiet omfiemet. It is lykwols in enoarm gebiet, en troch de ôfstannen wie it hast net te dwaan sa'n ryk yn stân te hâlden. Yn de histoarje fan Yndia binne dan ek ferskate riken opkaam dy't in grut part fan it gebiet yn hannen hienen, mar dan wer útelkoar foelen.
It earste ryk dat al slagge gâns it gebiet tusken it berchtme en de see yn te nimmen, kaam fan bûten: Grut-Brittanje wie mei de foarútgong fan de tegnyk as earste by steat de grutte ôfstannen baas te wurden en naam yn de rin fan de 19e iuw gâns it gebiet yn dêr't no Yndia yn leit.
Mei it ûntstien fan dizze steatkundige ienheid kaam ek al gau in beweging op dy't stribbe nei in ûnôfhinklike steat. It hjoeddeiske Yndia waard op 15 augustus 1947 ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yndia is nei Sjina it lân mei de grutste befolking fan de wrâld. Yn dit lân foarmje taal, religy en it kastensysteem in tige wichtige grûn foar it bepale fan ien syn posysje yn de maatskippij. Yn it suden (Súd-Yndia) wenje fral donkerkleurige Dravidjers en yn it noarden stamme de minsken ôf fan de ljochter kleurde Yndo-Aarjers dy't letter, om-ende-by 3500 jier lyn yn Yndia arrivearren.
Oan it begjin fan de 20e iuw telde Yndia 250 miljoen ynwenners, dat oant is yn distiid ferfjouwerfâldige. Neffens de lêste offisjele folkstelling yn 2001 telde it lân 1.028.610.328 minsken.
Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yndia stie oan de widze fan ferskate religys, wêrûnder it Hindoeïsme, Boedisme en it Sikhisme. Ek de Islam hat in wichtige ynfloed hân op de Yndiaaske kultuer en Yndia heart, mei Yndoneezje en Pakistan ta de top trije fan lannen mei it grutste oantal moslims. Offisjeel hat Yndia gjin steatsgodstsjins en is dêrtroch in sekulier lân.
Oantal oanhingers fan religys neffens de lêste telling fan 2001[1]:
Religy | Oantal | % | Top 3 steaten e.s. (%) |
---|---|---|---|
Hindoeïsme | 827.578.868 | 80,5% | Himachal Pradesh, Chhattisgarh, Orissa |
Islam | 138.188.240 | 13,4% | Laccadiven, Jammu en Kasjmir, Assam |
Kristendom | 24.080.016 | 2,3% | Nagaland, Mizoram, Meghalaya |
Sikhisme | 19.215.730 | 1,9% | Punjab, Chandigarh, Haryana |
Boedisme | 7.955.207 | 0,8% | Sikkim, Arunachal Pradesh, Mizoram |
Jaïnisme | 4.225.053 | 0,4% | Maharashtra, Delhi, Rajasthan |
Oare religys | 6.639.626 | 0,6% | Arunachal Pradesh, Jharkhand, Meghalaya |
Under de oare religys wurde rekkene de oanhingers fan it Zoroastrisme, it Bahá'í-leauwen en it Joadendom. Nei skatting wenje der om-ende-by 5.000 joaden yn Yndia, de measten yn en om Bombay.
Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Yndia wurde lokaal in protte ferskate talen sprutsen. De wichtichste taal is it Hindy dat krektas it âlde Sanskryt skreaun wurdt yn it Devanagary-skrift. It Hindy is de earste offisjele taal, dy't troch de federale oerheid brûkt wurdt. It Ingelsk wurdt troch de federale oerheid brûkt om mei steaten dêr't it Hindy net de offisjele taal is te kommunisearjen en is populêr yn it sakelibben, yn regearingssaken en yn net-Hindy sprekkende steaten. Utsein Hindy, hat Yndia noch 21 oare offisjele talen. Lang om let hat Yndia noch 392 oare libjende talen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |