Mathilde Jansen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mathilde Jansen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mathilde Maria Jansen
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 24 maart 1977
berteplak De Burch (Teksel)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre non-fiksje (taalkunde)
bekendste
  wurk(en)
Taal van de Wadden
Een Echte Amelander
   Spreekt Dialect
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.mathildejansen.nl

Mathilde Jansen (folút Mathilde Maria Jansen; De Burch, 24 maart 1977) is in op it Noardhollânske eilân Teksel berne Nederlânsk taalkundige en publisiste. Hja hat har benammen talein op it wittenskiplik beskriuwen fan en ûndersyk nei de dialekten fan 'e Waadeilannen, wêrby't har belangstelling yn 't bysûnder útgiet nei it Amelânsk.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mathilde Jansen waard yn 1977 berne yn it Tekselske De Burch, dêr't hja ek opgroeide. Se folge de middelbere skoalle oan 'e iepenbiere skoallemienskip De Hoge Berg yn De Burch, wêrnei't se yn 1995 úteinsette mei in stúdzje Nederlânske taal- en letterkunde oan 'e Katolike Universiteit Nimwegen. Fanôf 1997 studearre se fierder oan 'e Ryksuniversiteit Leien, wêrby't se in propedeuze wiisbegearte die, en as karfakken û.m. Russysk, Aldheechdútsk, Aldingelsk en Aldfrysk folge. Foar har grutte skripsje, dy't de titel De Dialecten van Ameland en Midsland in Vergelijking met het Stadsfries droech, die Jansen ûndersyk nei de Hollânsk-Fryske mingdialekten yn 'e provinsje Fryslân. Yn 2000 studearre se ôf yn Nederlânske taal- en letterkunde mei in spesjalisaasje yn histoaryske taalkunde en taalfariaasje.

Neitiid fûn Jansen yn 2001 wurk by it Meertens Ynstitút yn Amsterdam, dêr't se earder staazje rûn hie. Hja wie dêr yn 't earstoan ûndersiker yn oplieding, en fan 2006 ôf is hja redakteur fan 'e webside en it nijsbrief. Sûnt 2005 hat Jansen boppedat de funksje fan redakteur taalwittenskippen oan 'e Universiteit Utert, wylst hja dêr fan 2013 oant 2014 ek dosinte wie. Yn 2005 wie se fierders foar in perioade fan seis wiken as gastdosinte ferbûn oan 'e Universiteit fan Aberdeen, yn Skotlân. Neffens harsels befiemet har hjoeddeistige wurk benammen it popularisearjen fan 'e wittenskip en yn 't bysûnder fan 'e taalkunde. Sûnt 2011 jout se ek kursussen "Popularisearjen foar Akademisy".

Fan har wittenskiplike eftergrûn út hat Jansen in tigen belangstelling foar dialekten. Dêrby hat se har, miskien net ûnferwachts, yn acht nommen dat se hikke en tein is op Teksel, fral talein op 'e dialekten fan 'e Waadeilannen. Sa skreau se yn 2004 mei Marc van Oostendorp it boekje Taal van de Wadden, dat publisearre waard as ûnderdiel fan 'e rige Taal in Stad en Land. Neitiid konsintrearre se har fral op it Amelânsk, dêr't se yn 2010 it boek Een Echte Amelander Spreekt Dialect oer útbrocht. Datselde jiers promovearre se op har ûndersyk nei it Amelânsk, mei as proefskrift Language Change on the Dutch Frisian Island of Ameland: Linguistic and Sociolinguistic Findings. Mathilde Jansen hat fierders ek meiwurke oan 'e Dialectatlas van het Nederlands, dy't yn 2011 ûnder redaksje fan Nicoline van der Sijs gearstald waard, en yn 2012 hie se mei Marianne Boogaard sels de redaksje oer Alles Wat Je Altijd Al Had Willen Weten over Taal: De Taalcanon, dy't by Meulenhoff ferskynde.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2000 – De Dialecten van Ameland en Midsland in Vergelijking met het Stadsfries (grutte skripsje, Ryksuniversiteit Leien)
  • 2004 – Taal van de Wadden (mei Marc van Oostendorp)
  • 2010 – Een Echte Amelander Spreekt Dialect
  • 2010 – Language Change on the Dutch Frisian Island of Ameland: Linguistic and Sociolinguistic Findings (proefskrift)
  • 2011 – Zinnen (haadstik yn: Dialectatlas van het Nederlands, û.red.f. Nicoline van der Sijs)
  • 2012 – Alles Wat Je Altijd Al Had Willen Weten over Taal: De Taalcanon (mei Marianne Boogaard)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: