Augustus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
<< Augustus >>
mo ti wo to fr so si
01 02 03 04 05 06 07
08 09 10 11 12 13 14
15 16 17 18 19 20 21
22 23 24 25 26 27 28
29 30 31  
2016

Dizze side giet oer de moanne Augustus. Sjoch Augustus (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Augustus.

Augustus is de achtste moanne yn it jier, foar de Gregoriaanske kalinder, en hat 31 dagen. De moanne is neamd nei de Romeinske keizer Augustus Oktavianus.

Nei sizzen hat de keizer dizze moanne sels keazen, om't Kleopatra yn dizze moanne ferstoarn wie. Foar syn tiid wie dizze moanne "Sextilis", Latynsk foar "sechde", om't it eartiids de sechde moanne wie. It wie doe in moanne mei 30 dagen, mar Augustus woe net dat syn moanne koarter wie as Julius Caesar syn moanne, july, en sa binne der twa moannen mei 31 dagen nei-elkoar kaam.

In oare namme foar augustus is "Rispmoanne".

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]