Aldebiltdyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sicht op de Aldebildtdyk

De Aldebiltdyk (ek wol Alde Biltdyk en yn de folksmûle neamd Ouwe Dyk) is in yn 1505 oanleine dyk yn de gemeente It Bilt. It is de earste dyk dy't yn 1505 oanlein waard by de ynpoldering fan it gebiet fan de tsjintwurdige gemeente It Bilt. De Biltpolder makke ea diel út fan de Middelsee, mar slibbe stadichoan hieltiten mear ticht. Om de oerstreaming by floed yn de Waadsee tsjin te gean waard dizze dyk oanlein. Oant hjoed de dei (2008) slibbet der noch hieltiten lân oan en wurdt nij lân foarme. Yn de 17e ieu ferlear de Ouwe Dyk syn beskermjende funksje trochdat de Nije Biltdyk oanlein waard. Troch de oanlis yn de 20e ieu fan de hjoeddeiske seeedyk ferlear ek de Nije Biltdyk syn beskermjende funksje.

Bewenning[bewurkje seksje | edit source]

Op de âlde én op de Nije Biltdyk waarden lânarbeiderswenten boud. Neffens in feroardering út 1546 fan Karel V mochten de wenningen allinnich oan de noardside fan de dykj boud wurde. Sa gie gjin kostbere lânbougrûn ferlern. Om de húskes te frijwarjen fan oerstreaming waarden se sa heech mooglik tsjin de dyk boud. Oan de súdside fan de dyk waarden wol pleatsen yn typyske Biltske styl boud.

De wenningen oan de dyk kamen yn de twadde helte fan de 20e ieu leech te stean. De eartiids agraryske befolking fûn gjin wurk mear yn de streek en luts fuort. Leechstân en sloop drige. Dochs bliek der belangstelling foar de wenningen te bestean. Rânestêdelingen, sykjend nei rêst en romte, kochten hjir wenningen. De sloopplannen gienen fan tafel en de wenningen op de dyk waarden op it riolearingsnetwurk oansluten. De húskes waarden opknapt en yn bewenbere steat werom brocht. Tsjintwurdich wenje der ek keunstners op de dyk. Der binne meardere ateliers te finen.

De Alde Biltdyk is de langste strjitte fan Fryslân en fan Nederlân mei 14.250 meter.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: